"Beheinde folderbesorging soe strop wêze foar FRL"

09 mrt 2016 - 16:14

It beslút fan de gemeente Amsterdam om de hûs-oan-hûs fersprieding fan reklamefolders te beheinen, soe foar Fryslân min útpakke. Dat seit manager Klaas Ekema fan de Fryske post- en folderbesoarger FRL.

De Partij voor de Dieren yn Amsterdam wol dat tenei allinnich reklameprintwurk besoarge wurdt yn brievebussen mei in spesjale ja/ja sticker derop. Alle oare adressen moatte oerslein wurde. De Partij voor de Dieren wol mei de maatregel miljeufersmoarging tsjingean.

Dat is ûnsin, seit Ekema, want reklamemateriaal bestiet meast út recycled papier. De útjouwers soargje boppedat foar de oanplant fan nije beammen. Ekema is benaud dat, as de plannen ek yn Fryslân trochgean, sa't de politike partij fan doel is, dat in soad banen kostje sil.

FRL hat sawat 1800 meiwurkers yn tsjinst foar de besoarging fan reklamefolders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)