Ljouwerter oanhâlden mei fjoerwapen, mes en weed yn de bûse

09 mrt 2016 - 14:08
  • Plysjeauto

De plysje hat woansdei in 37-jierrige man oanhâlden op Achter de Hoven yn Ljouwert. De plysje krige in melding dat de man tsjin syn skooter stie te praten, de melder tocht dat er dronken wie. Doe't de plysje kaam draafde de man oer de dyk en fertelde dat er mei syn skooter fallen wie. De skooter hie in falske kentekenplaat, in teken dat er mooglik stellen wie.

By it fûillearjen fûnen de plysjes in fjoerwapen, in mes en weed. Dat guod is yn beslach nommen en de fertochte is meinommen nei it buro.

Dêr die bliken dat de skooter net stellen wie. De man wurdt wol fertocht fan ferbean wapenbesit, de falske kentekenplaat en it riden op in ûnfersekere skooter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)