Boksumer skeletten binne de hiele middei te besjen

09 mrt 2016 - 12:52

De provinsje hat de fynst fan in tal âlde skeletten by Boksum bewust in skoftke stil hâlden. De fiif oant seis skeletten waarden fûn by graafwurk foar in dûker. Nei alle gedachten giet it om slachtoffers fan de Slach by Boksum, dy't yn 1586 wie, yn de tiid fan de 80-jierrige oarloch.

De skeletten waarden tsien dagen lyn al fûn, mar it nijs waard tiisdei pas nei bûten brocht. De skeletten binne fan 'e middei oant 16.30 oere te besjen.

Trefwurden: 
skeletten Boksum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)