Bûn Fryske fûgelwachten sil earste ljipaaien dochs lotterje

09 mrt 2016 - 12:40

It bûn Fryske fûgelwachten BFVW is fan doel om alle earste aaien út it nêst te heljen en yn it fjild te lotterjen. Is it aai farsk, dan wurde de kommissaris fan de Kening en de boargemaster warskôge. De kommissaris hat oanjûn dat hy nei it fynplak komt foar de seremoanje, de boargemasters ûntfange de finers op it gemeentehûs.

Neffens Algra giet it lotterjen net yn tsjin de rjochterlike útspraak dat de aaien net meinommen wurde meie. It aai wurdt nei it lotterjen fuortendaliks werom lein.

Neffens Algra wurdt dat by natuerûndersyk ek withoefaak dien, sûnder dat dat skea jout oan de ljippen. De oankundiging fan de Faunabeskerming om nei de rjochter te stappen, neamt foarsitter Rendert Algra fan it BFVW ''flauwekul.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)