Unrêst op Skylge oer ferskil yn brankaars ambulânse en hely

09 mrt 2016 - 11:54
  • De brankaar fan de ambulânse past net yn de helikopter

Der is op Skylge opskuor ûntstien oer it oertillen fan pasjinten fan de ambulânse nei de helikopter. Se moatte nammentlik op in oare brankaar lizze om de helikopter yn te kinnen. Dy brankaar is spesjaal foar de helikopter makke. Dit betsjut dat men oertild wurde moat. Riedsleden fan PvdA en Plaatselijk Belang binne bot skrokken doe't se hjir fan hearden.

Bert Dercksen is by RAV Fryslân ferantwurdlik foar pasjinteferfier per helikopter. Op dit stuit wurdt dat ferfier wer oanbestege en hy seit dat der mooglik dan noch it ien en oar feroaret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)