Pieter-Jan Postma makket sprong yn klassemint

08 mrt 2016 - 19:58
  • Pieter-Jan Postma

Pieter-Jan Postma hat revâns naam op syn falske start yn it iepen Europeesk kampioenskip silen yn de Finn-klasse. Foar de kust fan Barcelona wûn de fan oarsprong Terkappelster de twadde race en waard er sechsde yn de tredde wedstriid. Moandei kaam er yn de earste race as 33ste oer de einstreek.

Postma makke in geweldige sprong yn it klassemint. Hy stiet no op it fiifde plak. De Kroäat Milan Vujasinovic bliuwt de lieder, foar de Nij-Seelanner Josh Junior. Der dogge 90 silers mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)