Keamerfoarsitter kritysk oer gong fan saken nije mediawet

08 mrt 2016 - 19:47
  • Steatsekretaris Dekker

Foarsitter Ankie Broekers-Knol fan de Earste Keamer spruts tiisdei har soargen út oer de gong fan saken by de nije mediawet. Dat moat gjin gewoante wurde, seit se.

De Earste Keamer stimt nije wike tiisdei oer de nije mediawet fan steatsekretaris Dekker. De ferwachting is dat in mearderheid mei de wet ynstimme sil. Dan ferliest Omrop Fryslân syn selsstannige posysje en de omrop moat ek bot besunigje. It CDA, 50plus, SP en de Partij voor de Dieren fine dat je in wet dêr't safolle oan mankearret, net oannimme moatte.

In grutte mearderheid liket him ôf te tekenjen foar in Fryske mediaried mei advysrjocht. Dêr wurdt nije wike tiisdei ek oer stimd. Oerisel en Limboarch hawwe ek frege om in mediaried. Dekker wiist dat fan de hân. Inkeld it Frysk as twadde rykstaal kin in mediaried krije, fynt er. Dekker basearret syn miening op it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa.

De stimming fan nije wike tiisdei bart haadlik. Soks wurdt faker dien by de mear gefoelige ûnderwerpen. De Keamerleden moatte ien foar ien útsprekke oft se foar of tsjin binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)