Sikehûs yn Drachten ûndersiket mooglikheid fan minder bêden

08 mrt 2016 - 19:02

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ûndersiket oft se mei minder sikehûsbêden ta kinne. Dat komt neffens direkteur soarch John van Arnhem om't de soarch feroare is. Hieltyd mear minsken krije polyklinyske soarch. Dat betsjut dat se deselde dei wer nei hûs ta meie.

Nij Smellinghe hat op it stuit twahûndert reguliere ferpleechbêden. Kommende moannen wurdt sjoen oft de bêden goed beset binne. It ûndersyk is yn septimber ôfrûn. Dan wurdt sjoen oft der bêden fuort kinne en op hokker ôfdielings dat dan is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)