Foksejacht mei ljochtbakken mei wer fan de provinsje
Jagers meie de kommende tiid wer mei ljochtbakken op foksen jeie. De provinsje hat dêr in ûntheffing foar jûn. De jacht mei ljochtbakken mei allinnich yn spesjale saneamde 'greidefûgelkânsgebieten'. Dat binne gebieten dêr't boeren buorkje mei spesjaal omtinken foar greidefûgels.
De ûntheffing jildt oant 1 juny.