Skoallen stjoere opnij trijehûndert bern nei hûs út protest

08 mrt 2016 - 15:58

De aksjes op kristlike skoallen tsjin de flekswet gean troch. Tiisdei binne wer sawat trijehûndert Fryske bern nei hûs ta stjoerd, omdat de skoallen gjin ferfanger hawwe foar de eigen master of juf. Under oare yn Jobbegea krigen guon bern gjin les.

Mei it nei hûs stjoeren fan de bern fiere kristlike skoallen fan 'e wike aksje tsjin de nije flekswet. Ynfallers moatte nei trije kear in kontrakt krije. As de skoalle dat net kin, mei de ynfaller in healjier net op dy skoalle wurkje. Dat is in probleem, fine de skoallen.

Foar woansdei hawwe harren ek alwer skoallen oanmeld dy't gjin ferfanging regelje kinne.

Trefwurden: 
kristlike skoalle flekswet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)