Nije útsjochtoer Appelskea ferpleatst fanwege iuwenâlde iik

De nije útsjochtoer by Appelskea skoot in bytsje op fanwege de noch libjende tûken fan de iuwenâlde ikebeam dy't yn de Boskberch fergroeid is. Undersikers kamen derachter dat de trije tûken fan ien en deselde âlde beam yn de berch komme. It folksferhaal dat yn de 27 meter hege berch in komplete beam sit, is dus wier.
De iketûken binne sa grut dat se sels ek wol beammen lykje. Sy bliuwe stean, wylst de oare beammen op dit stuit fuortseage wurde. De nije toer op de sânheuvel moat twa kear sa breed en 7 meter heger wurde.