Dieven brekke yn yn kaaiklûskes yn Noard-Nederlân

08 mrt 2016 - 14:22

It programma Opsporing Verzocht freget jûn omtinken foar ynbraken yn klûskes foar kaaien. Dit binne kastkes dy't oan de bûtenkant fan in hûs hingje. Thússoarch en famyljeleden kinne mei in spesjale koade de kast iepenje en de kaai fan it hûs derút helje.

De ôfrûne tiid hawwe dieven lykwols op ferskate plakken yn Noard-Nederlân dizze kasten iepenbrutsen en ynbraken pleegd. Under oaren op It Hearrenfean hawwe de dieven ynbrutsen en mei in stellen pinpas jild opnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)