HZPC betellet boeren mear foar ierpelrisping fan 2015

08 mrt 2016 - 13:02

It Jouster ierpelbedriuw HZPC ferwachtet syn settersguodtelers 29,50 euro per 100 kilo oer de risping fan 2015 betelje te kinnen. Dat is 2 euro mear as yn 2014. Neffens de direkteur wie 2015 in jier mei in goede risping en hege bunder-opbringsten.

In tsjinfaller wie it sluten fan de Russyske grinzen foar Nederlânske produkten, mar sûnt 4 maart binne dy wer iepen. In twadde tsjinfaller is dat Algerije, gewoanwei in grutte keaper fan settersguod, de ymport beheind hat.

De prizen dy't yn Europa foar konsumpsje-ierpels betelle wurde, binne wol heger as ferline jier.

Trefwurden: 
HZPC De Jouwer opbrings ierpels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)