Waadgemeenten botse mei Den Haach oer steand want fiskjen

08 mrt 2016 - 12:35

De Waadgemeenten botse mei steatssekretaris Van Dam oer it steandwantfiskjen op de eilannen. De steatssekretaris wol dat de gemeenten stranger tafersjoch hâlde op it rekreatyf fiskjen mei de steande netten, in lange tradysje op de eilannen.

Dogge de gemeenten dat net, dan driget de steatssekretaris it fiskjen hielendal te ferbieden. Neffens de gemeenten wurde se troch de steatssekretaris konfrontearre mei in 'wurgconstructie'. Se hawwe in protestbrief nei Den Haach stjoerd.

Dêr stiet ûnder oare yn dat Van Dam te bot nei de sportfiskers harket en dat binne grutte tsjinstanners fan it steand wantfiskjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)