De Kuilart foar tsientûzenen euro's dupearre troch stellerij

08 mrt 2016 - 11:30

Rekreaasjesintrum De Kuilart by Koudum is foar tsientûzenen euro's dupearre troch de stellerij fan harren wurkboat. Dy is yn it wykein út it boathûs stellen. De dieven binne neffens eigener Huub Bleckman fan De Kuilart troch it wetter binnen kaam. Se binne mei in kano of surfplanke ûnder it stek fan it boathûs trochgien.

De aluminium boat kostet nij 30.000 euro, de twa motoaren kostje 6.000 euro it stik. It rekreaasjesintrum brûkt de boat yn de simmermoannen ûnder oare foar it slepen fan oare boatsjes en by it wetterskiën.

Neffens Bleckman is op Facebook in digitale klopjacht iepene op de dieven. It berjocht is al mear as 60.000 kear dield en hat al meardere tips opsmiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)