Kollum: "Rede"

08 mrt 2016 - 08:32
  • De Toan fan Willem Schoorstra

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.

"Ik wie fan doel om it oer lytse dingen te hawwen. Dat earste bakje kofje moarns fan ’t bêd ôf, it momint dat de pynstiller begjint te wurkjen, dat ferrekte triedsje fleis dat al in heale dei tusken de tosken sit, en dan ynienen lossjit. Mar it slagget my net.

Der binne tefolle grutte dingen dy’t, krekt as Donald Trump, de oandacht opeaskje. Grutte dingen dy’t in grutte ynfloed ha op de maatskippij dêr’t wy yn libje. Sa as bygelyks de deportaasje fan kristenen, homo’s en ûnleauwigen út AZC’s en opfangplakken nei spesjale kampen. Dêr hat it Nederlânsk regear ta besletten om’t de sitewaasje foar dy groepen te gefaarlik wurdt. Se wurde nammentlik bedrige, yntimidearre, fernedere en op ’e bealch slein.

Hoewol’t de refleks fan it regear te begripen is, jouwe se dêrmei wol in folslein ferkeard sinjaal ôf. De dieders, fundamintalisten neffens de ynformaasje, wurde beleanne foar harren gedrach. Dat wat har net oanstiet wurdt ferwidere. Troch sa te hanneljen bûcht it regear foar de terreur fan in stel net-sivilisearre yndividuën.

De basiswearden fan de Nederlânske rjochtssteat binne oars dúdlik genôch. Troch sokke groepen apart te setten wurdt it probleem net oplost, mar allinne mar grutter makke. It dilemma is fansels dat út namme fan de minsklikheid flechtlingen opnommen wurde, wylst dêr in part skeiners fan dyselde minsklikheid by sitte. Foar dy sitewaasje bestean ek gjin kant en kleare oplossings.

It belangrykste is lykwols dat men soks oan de oarder stelle kin sûnder fuortendrekt ferkettere te wurden. Mar al te faak wurdt de stim fan rede en sûn ferstân deaknypt yn de bankskroef fan links- en rjochtspopulisme. Ja, links is like slim as rjochts. In foarbyld dêrfan is it gefal fan Kamel Daoud, in sjoernalist dy’t ophâlden is mei syn wurk fanwegen alle oanfallen út de polityk-korrekte hoeke. De Algeryn Daoud hat him altyd kritysk útlitten oer de Arabyske kultuer. It opfallende is dat er in protte stipe fan progressiven út de Arabyske wrâld krige, mar dat Westerske yntellektuelen him beskuldigen fan ‘islamofoby’ en ‘rasisme’.

Regressyf links, neamt de eks-islamist Maajid Nawaz dat ferskynsel. It gefaar fan regressyf links is, dat it ree is om de frijheid fan mieningsutering op te offerjen út eangst om minderheden te kwetsen. Se ferdedigje islamisme út namme fan kulturele tolerânsje. En dêrmei ferdedigje se it diskriminearjen op basis fan geslacht, kleur, leauwe en seksuele foarkar. Wêr hat men, yn it gefal fan Daoud, in fatwa foar nedich as jin de linkse populisten op de nekke springe?

It is te hoopjen, foar alles en elkenien, dat de stim fan de rede stadichoan in kâns kriget. Amen, achte gemeente, en dat dy stim mei jim wêze mei, de kommende tiden."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)