Harkemase Boys jout rasisme-dieder sportparkferbod

Pernelly Biya en skiedsrjochter Gert Keijl nei it ynsidint © AW Foto
De man dy't dit wykein apelûden makke tsjin Pernelly Biya yn de wedstriid Harkemase Boys-VVOG mei twa jier lang sportpark De Bosk net op. Dat hat it bestjoer moandeitejûn besletten. Biya hat moandei ek oanjefte dien fan rasisme tsjin de man.
Fierders wurdt by de earstfolgjende wedstriid fan Harkemase Boys 'Say no to racism' omroppen en projektearre op de ledskerms yn it stadion. Harkemase Boys hopet dat se troch de KNVB holpen wurde yn stee fan straft, om't klups machteleas stean tsjin sa'n foarm fan rasisme.
Skoallefoarbyld
It hanneljen fan Harkemase Boys, VVOG en Pernelly Biya is in skoallefoarbyld foar omgean mei rasisme. Dat sizze beide klups yn it statement oer it ynsidint.
Ut bylden fan de wedstriid en petearen mei tsjûgen die bliken dat de dieder troch oare supporters fuortendaliks korrizjearre is. Ien is mei de finger omheech nei de dieder tarûn en hat him tasprutsen.