Sporthal mei skeelerbaan en oare sportmooglikheden It Fean

De earste yndoar-skeelerbaan fan Nederlân moat de grutte lûker wurde fan Sportstêd Bûten by it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean. Topsprinter Michel Mulder joech moandeitemiddei it startsein foar de bou. Njonken it skeelerjen komt der ek romte foar oare sporten lykas beachfollybal, fierljeppen, keatsen en urban sports lykas skateboarde en free-runne.
De fasiliteiten binne yn it foarste plak bedoeld foar de sportoplieding Cios, mar oare doelgroepen meie der ek gebrûk fan meitsje.
Takom simmer klear
Sportstêd Bûten kostet mei-inoar 1,3 miljoen euro. Dat wurdt betelle troch de gemeente Hearrenfean, de provinsje en Sportstêd sels. It is de bedoeling dat Sportstêd Bûten takom simmer al oplevere wurdt.