Earste EK-wedstriid ferrint teloarstellend foar siler Postma

Pieter-Jan Postma (argyffoto) © Robert Deaves/Finn class
Finnsiler Pieter-Jan Postma fan Terkaple is teloarstellend begûn oan it EK yn Barcelona. Hy einige moandei op it 33e plak. De wedstriid yn Barcelona is de earste serieuze test foar Postma yn dit Olympyske jier.
Der waard noch wol úteinset mei in twadde wedstriid, mar Postma krige net de kâns om him te revansearjen. Omdat de wyn fuortfoel, waarden de boaten weromroppen. De Kroaat Milan Vujasinovic wûn de iepeningswedstriid.