Hegeskoalle Van Hall Larenstein lekt persoansgegevens

07 mrt 2016 - 18:54

Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Ljouwert en Velp hat de persoanlike gegevens fan sa'n 4400 studinten by fersin rûnmaild. It giet dan ûnder oare om it wenadres, tillefoannûmers, e-mailadressen en it BSN-nûmer.

De omrop hie in tip oer it lek binnenkrigen fia Publeaks. In wurdfierder fan de skoalle seit dat in Excel-sheet by fersin as bylage by in e-mail ferstjoerd is. Dat barde ferline wike tiisdei.

Nei't studinten dêroer oan de belle lutsen hiene, hat it kolleezje fan bestjoer alle belutsenen op 'e hichte brocht. Der wurdt praat fan in minsklike flater. "We betreuren dit enorm", sei in wurdfierder van Vall Hall Larenstein tsjin Omrop Fryslân.

De hegeskoalle hat de Autoriteit Persoansgegevens op de hichte brocht fan it fersin. Dy oardiele dat de skoalle goed hannele hat, seit de skoalle sels. It kolleezje fan bestjoer hat de studinten oproppen om harren te melden as se yn de problemen komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)