Snitsers helje sels ôffal út de stedsgrêften

De frijwilligers fan Suver Skjin
Yn Snits fiskje boargers no sels ôffal út de grêften en oare wetters. Se dogge dat ûnder de namme Suver Skjin. Se farre mei in oranje boatsje mei gripers en in bak foar de rommel troch de stêd.
Jildau Wiarda is ien fan de fjouwer boargers dy't meidogge. Se hie al langere tiid argewaasje fan de rotsoai. Doe't der hieltyd mear by kaam, ûntstie it idee om Suver Skjin op te rjochtsjen. De skjinmakkers farre ien deidiel yn 'e wike en alle kearen hawwe se de boat fol. Der leit foaral in soad ôffal yn de reidkragen.
Stipe
De frijwilligers moatte noch in grut diel fan de wetters rotsoaifrij meitsje. As dat allegearre klear is, is it in kwestje fan byhâlden. De gemeente Súdwest-Fryslân stipet Suver Skjin mei jild. Mar der kin noch wol wat by, dat se sykje mear frijwilligers en donateurs.