Soargen CDA oer trochstream HBO'ers nei Kampus Fryslân

07 mrt 2016 - 18:02

CDA Fryslân makket him soargen oer it ôfnimmend tal earstejiers yn HBO-stúdzjes. Dit jier binne der 8,6 prosint minder studinten begûn as ferline jier. Steatelid Fenny Reitsma-Hazelhoff fan CDA Fryslân wol fan deputearre steaten witte wat de sifers betsjutte foar de trochstream nei de Kampus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins yn Ljouwert.

It CDA Fryslân freget him ôf oft de ôfname gefolgen hat foar it basisûnderwiis as der yn de takomst minder Pabo'ers binne.

Ynstream wichtich foar wurkgelegenheid

Neffens Reitsma-Hazelhoff is de ynstream yn HBO-bachelors fan grut belang. 'Een goede in- en doorstroom is uiteindelijk heel belangrijk voor de werkgelegenheid in Fryslân. Het is belangrijk om uit te zoeken wat de oorzaak van deze daling is.' Mooglike oarsaken soene bygelyks de oankundiging fan it lienstelsel wêze kinne, strangere talittingseasken foar Pabo-opliedingen en de tanommen stúdzjekosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)