Ynwenner fan Opsterlân wint miljoen yn lotterij

07 mrt 2016 - 16:54

In ynwenner fan de gemeente Opsterlân is dit wykein miljonêr wurden. De Staatsloterij makke dat moandei bekend. By it Miljoenenspel fan de steatslotterij is it bedrach fallen op in lot fan in abonneespiler út de Fryske gemeente.

De lokkige winner krijt it bedracht belestingfrij oermakke. "Ik wil de nieuwe miljonair graag van harte feliciteren en wens hem of haar veel geluk met dit mooie bedrag", sa seit Arjan van 't Veer. Hy begeliedt fanút de steatslotterij minsken dy't in grut bedrach wûn hawwe.

It Miljoenenspel is de lotterij dêr't minsken statistysk sjoen de measte kâns hawwe om in miljoen te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)