Fryske gemeenten moatte mear flechtlingopfangplakken regelje

07 mrt 2016 - 16:29

Fryske gemeenten moatte flink oan de bak om dit jier genôch opfangplakken foar flechtlingen te regeljen. Se hawwe dêr moandei in brief oer krige fan de organisaasje dy't de opfang organisearret, de 'provinsjale rezjytafel'. Der binne dit jier yn Fryslân 7500 plakken nedich.

Op dit stuit wurdt wurke oan fiiftûzen plakken en dat binne dus te min. As der net gau mear plakken by komme is wer krisisneedopfang needsaaklik, seit de rezjytafel. Elke gemeente moat in bydrage leverje, fynt de rezjytafel.

Yn dy rezjytafel sitte de foarsitters fan de Feriening Fryske Gemeenten en de Feiligensregio, it COA, fjouwer boargemaster en de kommissaris fan de Kening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)