Acht brânwachtposten krije in nije spuitauto

07 mrt 2016 - 15:22

Acht Fryske brânwachtposten krije sneon in nije tankautospuit. Dy binne de wurkhynders fan de brânwacht, seit de brânwacht sels. Elke kazerne hat op syn minst ien klear te stean, wêrmei't in ploech fan seis of sân brânwachtlju in brân bestride kinne.

Mei dy auto's wurde brannen bestriden en minsken rêden. Se wurde ek ynset by ferkearsûngelokken of oare needsituaasjes. De oerdracht fan de tankautospuiten is sneon by de brânwachtkazerne fan Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)