Rykswettersteat docht grut ûnderhâld op A7 Snits-Boalsert

07 mrt 2016 - 14:22

Rykswettersteat fiert tusken 14 maart en 20 april grut ûnderhâld út oan de A7 tusken Snits en Boalsert. Oer in lingte fan 7 kilometer wurdt it asfalt ferfongen troch ZOAB. De sneldyk moat dêrmei net allinnich feiliger wurde, mar ek stiller.

Tagelyk wurde de twa fiadukten yn it trajekt en de Krúswetterbrêge by Boalsert kontrolearre. Ferkearsdielnimmers moatte rekken hâlde mei in langere reistiid, om't de dyk ôfsletten wurdt en de maksimumsnelheid 70 kilometer wurdt. Omliedings wurde mei buorden oanjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)