Lof en soargen oer 8e allround-wrâldtitel fan 'Kening Sven'

07 mrt 2016 - 13:44

Foar de achtste kear wûn Sven Kramer dit wykein it WK allround reedriden yn Berlyn. De kranten kopten der moandei dan ek wer komplimenteus op los: 'Sven gewoon weer de beste', 'Hoe winnen vanzelfsprekend werd', Sven slaat weer toe', en 'Kramer eenzame koning'.

Mar ek: 'Acht titels, van bravoure tot calculatie' en 'Soepele zege, wrange bijsmaak'. Dat lêste slacht dan benammen op de devaluaasje fan de allround toernoaien, no't sa'n soad riders har spesjalisearre.

Rekreaasjeriders wiene moandei yn de 11-stêdehal yn Ljouwert fol lof oer 'Kening Sven', mar der wiene ek soargen oer de takomst fan it allrounden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)