Fytsestalling NS-stasjon Ljouwert no earste 24 oeren fergees

07 mrt 2016 - 12:26

De earste stap nei in folslein fernijd stasjonsgebiet yn Ljouwert is moandeitemoarn set. De ûndergrûnske fytsestalling is fan moandei ôf de earste 24 oeren fergees. Dat is in nij konsept fan de NS, dat de fytsestalling eksploitearret.

De kommende tiid sil boppedat de kapasiteit fan de fytsestalling ferdûbelje. No is der plak foar sa'n 1500 fytsen, dat wurdt 3000. Dat moat ek, om't noch foar de simmer de fytserekken foar it stasjonsgebou fuorthelle wurde.

Wethâlder Thea Koster fan Ljouwert en regiodirekteur Ineke van Gent fan de NS joegen it startskot foar de fergeze fytsestalling.

It stasjonsgebiet giet de kommende twa jier folslein op 'e skeppe. "Dit is de allereerste stap. Er wordt nog niet gebouwd, maar we hebben de aannemer geselecteerd en die gaat binnenkort absoluut los", leit Koster út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)