Projektgroep Bartlehiem lûkt stekker út glêsfezelprojekt

07 mrt 2016 - 11:51
  • Glêsfezel

De projektgroep foar de oanlis fan glêsfezel yn Bartlehiem hâldt der mei op. Ut eigen berekkenings docht bliken dat it oansluten fan hûndert adressen yn Bartlehiem, Tichelwurk, Wyns en Aldtsjerk fierstente djoer wurdt.

De provinsje hie mear as 700.000 euro reservearre foar de oanlis. De oanslutingskosten foar de dielnimmers binne dan tusken de 46 oant 73 euro yn de moanne. Dêrneist seit de projektgroep dat alle inisjatyfgroepen hieltyd sels op 'e nij it tsjil útfine moatte.

De projektgroep ropt de provinsje dêrom op om it glêsfezelprojekt yn ien kear oan te besteegjen, sadat alle dielnimmers yn it foar witte wat in oansluting kostet. De provinsje wol hjir ein maart in byienkomst oer hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)