Kulturele Haadstêd hat alle keunstners foar fonteinprojekt

07 mrt 2016 - 11:47
  • It ûntwerp foar de fontein yn it sintrum fan Dokkum
  • De fontein mei wetter

Kulturele Haadstêd hat alle keunstners foar it 11-fountains-projekt selektearre. By dit projekt krije alle alve stêden in fontein kado. De organisaasje socht noch in keunstner foar Snits. Dat is Stephan Balkenhol út Dútslân wurden.

Ek hat Marina Abramović har weromlutsen fanwegen sykte. Sy soe de fontein fan Harns ûntwerpe. Yinka Shonibare út Nigearia ferfangt har. It projekt rint net oeral like hurd: de keunstners fan Ljouwert en Dokkum hawwe de earste ûntwerpen al presintearre, de oaren wurkje noch oan de tekeningen.

De keunstners op in rychje

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)