Ljouwerter film Ritus mei nei filmfestival Cannes

De Ljouwerter koarte film Ritus wurdt fertoand op it grutte filmfestival fan Cannes. Ritus waard ôfrûne sneon tredde op in filmfestival yn it Amerikaanske Atlanta yn de kategory 'bêste film', en dat levere in ticket foar Cannes op.
Ritus is makke troch it Ljouwerter team Kokosnoten. De film naam it yn de kompetysje op tsjin 128 oare films út tachtich lannen.