Eilanner rydt stel oan op Badwei op Flylân

07 mrt 2016 - 09:47

In stel út Deventer is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Badwei op Flylân. In 50-jierrige eilanner ried achterút op it momint dat it stel, in 73-jierrige frou en in 75-jierrige man, achter de auto lâns kuiere.

De frou waard as earste oanriden en kaam te fallen. De auto ried dernei noch in stikje troch en rekke de man, dy't ek foel. Beide slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings mei de helikopter nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding Badwei Flylân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)