Studinten meitsje dokumintêre oer seefeartskoalle Skylge

Der komt in dokumintêre oer de seefeartskoalle op Skylge. Twa studintes fan de Hegeskoalle foar Sjoernalistyk yn Utrecht begjinne moandei mei de opnamen. Se binne benammen benijd wêrom't ien kiest foar it libben op see.
De dokumintêre moat yn juny yn premjêre gean, op in filmfestival yn Utrecht. De studintes sykje noch jild om it projekt ôf te meitsjen, se begjinne moandei mei in crowdfundingsaksje.