Sven Kramer foar achtste kear wrâldkampioen

06 mrt 2016 - 16:29

Sven Kramer is foar de achtste kear yn syn karriêre wrâldkampioen allround wurden. Yn Berlyn wûn er de ôfslutende 10 kilometer. Kramer fersloech yn de lêste rit syn grutste konkurrint Sverre Lunde Pedersen, 13.07.19 om 13.11.83. De tiid fan Kramer betsjutte in baanrekôr. Jan Blokhuijsen waard yn 13.10.92 twadde op de 10 km en tredde yn it einklassemint.

Fan 2005 oant hjoed hat de topreedrider no acht kear goud en twa kear brûns wûn op in WK allround.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)