Weststellingwerf begjint mei it ferjeien fan roeken

Roeken © Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf is dit wykein wer úteinset mei it ferjeien fan roeken. De fûgels jouwe al jierren oerlêst yn de gemeente. Dy hat dêrom fjouwer jier lyn tastimming krigen fan it ministearje om maatregels te nimmen. Dy tastimming is nedich om't de roek in beskerme fûgel is.
Weststellingwerf nimt ferskate aksjes tsjin de roek. Sa wurde nêsten dy't noch yn oanbou binne fuorthelle, mei lûd en ljochtflitsen wurde de fûgels ferjage en der wurde beakens yn beammen ophongen.
De fûgels wurde sa nei in plak 'tastjoerd' dêr't se minder of gjin oerlêst jouwe foar de ynwenners fan Weststellingwerf.