Ireen Wüst nimt de lieding oer, Antoinette de Jong tredde

06 mrt 2016 - 15:19

Ireen Wüst hat troch de winst op de 1500 meter by it WK yn Berlyn de lieding oernommen fan Martina Sábliková. Wüst ried in baanrekôr fan 1.54.83 en fersloech yn in streekrjocht duel Sábliková. De Tsjechise klokte 1.55.44, de twadde tiid. Linda de Vries waard tredde yn 1.57.04 en Antoinette de Jong waard fjirde yn 1.57.17.

Op de 5000 meter mei Wüst krapoan twa sekonden ferspylje op Sábliková. Antoinette de Jong stiet tredde op hast 14 sekonden fan ploechgenoate Wüst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)