Elmar Kuiper presintearret Ruimtedier yn Neushoorn

06 mrt 2016 - 09:22

De dichter Elmar Kuiper presentearret sneintejûn yn Neushoorn yn Ljouwert syn Nederlânsktalige bondel Ruimtedier. It wurk waard earder al foar it fuotljocht brocht yn Amsterdam. It wurdt snein in folle literêre jûn. Njonken Kuiper sels lêze acht gastdichters ek foar út eigen wurk, ûnder wa Anne Feddema. Der is muzyk fan Deroels. Dat alles fynt plak yn it kafee fan Neushoorn, it begjint om healwei achten en de tagong is fergees.

Elmar Kuiper is yn Fryslân bekend om syn Frysktalige dichtwurken, Okkerdeis ferskynde syn fyfde Frysktalige bondel, Hiemsiik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)