Automobiliste swierferwûne by ûngelok op ôfslach A7-Wâldwei

06 mrt 2016 - 08:27

Op de ôfslach fan de A7 nei de Wâldwei by Drachten is sneontejûn let in frou swierferwûne rekke by in ûngelok. De 51-jierrige frou út Drachten rekke mei har auto fan de dyk en bedarre yn de boskjes. Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, wêrûnder de traumahelikopter. De frou siet beknipe yn de auto en moast der troch de brânwacht úthelle wurde.

Om goed by de auto te kinnen moasten earst in pear beammen fuortseage wurde. De frou is mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht. De plysje docht fierder ûndersyk nei it ûngelok. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)