LDODK is striidber mar giet ûnderút tsjin TOP

André Zwart © awfoto.nl
LDODK hat sneontejûn har thúswedstriid tsjin kuorbalferiening TOP ferlern. De thúsklup koe yn de earste helte aardich meikomme mei de gasten út Sassenheim. Al moasten se konstant yn de achterfolging. By rêst stie der in stand fan 13-15 op it skoareboerd. Ek yn de twadde helte koene de Friezen noch goed meikomme mei de tsjinstanner, al smiet dit nea in foarsprong op. By it lêste fluitsignaal moast LDODK mei 23 tsjin 26 belies jaan.