Follybalsters Snits winne oertsjûgjend fan Sliedrecht Sport

De follybalfroulju fan Snits hawwe sneontejûn yn de kampioenspûl mei 3-1 wûn fan Sliedrecht Sport. De Snitsers setten net al te bêst útein yn de thúswedstriid en kamen fuortendalik al in set efter. De earste set waard ferlern mei 25-20.
Yn de twadde set koene de Snitsers lykwols werom komme en pakten se de winst mei 25-19. De follybalsters hiene dêrnei de smaak te pakken en wûnen de tredde set mei 25-23. Ek de fjirde en beslissende set gie nei de Snitsers, dit kear mei 25-18. Snits is no wer koprinner mei 12 punten út trije wedstriden.