Aris ferliest fan Landstede Zwolle

05 mrt 2016 - 21:56

De basketballers fan Aris Ljouwert ferlearen sneontejûn thús fan Landstede Basketbal Zwolle. Landstede stiet op dit stuit twadde yn de league. Al yn it earste kwart seagen de Ljouwerters tsjin in efterstân fan tsien punten oan.

Dat wie by de rêst werombrocht nei in efterstân fan acht punten, mei in totaal fan 27 tsjin 35. Mar yn it tredde kwart koe de ploech út Zwolle it gatsje fêsthâlde en sels útbouwe ta in foarsprong fan njoggen punten, mei 47-56. De wedstriid einige úteinlik yn 59-70.

Trefwurden: 
Aris basketbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)