Froulju Oranje hurd ûnderút yn Olympysk kwalifikaasjeduel

05 mrt 2016 - 21:40

It Oranje frouljusfuotbalteam is sneontejûn hurd ûnderút gien yn de Olympyske kwalifikaasjewedstriid tsjin Noarwegen. It team, mei dêryn Loes Geurts út Hichtum en Sherida Spitse út Snits, krige fjouwer doelpunten tsjin en skoarde sels mar ien.

Spitse moast flak foar de wedstriid blessearre ôfheakje. Keepster Geurts hat de folsleine wedstriid op de bank sitten. De útslach betsjut dat de froulju noch wol sicht hâlde op in ticket nei Rio, mar dan moat der wol mei grutte sifers wûn wurde fan Sweden. Dy wedstriid stiet woansdei op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)