UNIS Flyers docht goede saken yn Luik

UNIS Flyers © Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan De UNIS Flyers fan It Hearrenfean binne goed úteinset mei de kwartfinale fan de play-offs. Yn Luik waard mei 9-1 wûn, mei de perioadestannen 0-2, 0-4 en 1-3. De ploech siet al gau goed yn de wedstriid, want al nei trije minuten kamen de Flyers op foarsprong, troch in goal fan Tony Demelinne. Ek Ronald Wurm skoarde yn de earste perioade. De rest fan de goals waarden skoard troch Postma, Van Aalderen en Bouten. Demelinne en Wurm skoarden úteinlik beide in hattrick. Snein is de return thús op It Hearrenfean.