UPDATE: Eigener shetlânponnys fûn

Hynder © ANP XTRA
De eigener fan de shetlânponnys dy't freed en sneon losrûnen op De Himrik hat him meld. De hynders komme út in natuergebiet flakby, en binne nei alle gedachten ûntsnapt. Eigener Elmer de Roos hat de bisten sneontemiddei ophelle út De Himrik, dêr't se by immen yn de achtertún rûnen. De shetlanners binne op it stuit net mear yn it natuergebiet, mar by de eigener thús.
Ien ponny waard noch fermist, mar dy is sneintemoarn ek weromfûn. It bist rûn oan de Boerestreek by Lippenhuzen.