FIDEO: WK masters goed foar wrâldrekôrs
Ek de twadde dei fan it WK masters yn Ljouwert is in grut sukses. In soad dielnimmers koene op it flugge iis yn de Alvestêdehal harren persoanlike rekôrs oanskerpje. De organisaasje koe sels inkele wrâldrekôrs noteare. Snein wurde de úteinlike winners fan it allroundtoernoai bekend.