Ferfelende reaksje supporter smet op winst Harkemase Boys

Harkemase Boys pakte sneon in 2-0 oerwinning op VVOG. Op eigen fjild iepene Rolf Dijk de skoare nei 14 minuten spyljen. Nettsjinsteande grutte kânsen oan beide kanten, bleau de stân by rêst stean op 1-0. Yn de twadde helte fersulvere Robin Huisman de Jong in strafskop en tekene dêrmei yn de 63e minút foar de einstân.
De wedstriid krige in smetsje yn de lêste tsien minuten, doe't in supporter fan Harkemase Boys in ferfelende opmerking makke nei in spiler fan VVOG. De wedstriid waard koart stillein, mar koe útspile wurde.
Trainer Jan Vlap fûn dat de aksje fan de supporter in bittere neismaak joech oan de wedstriid. 'We zitten niet te wachten op deze flauwekul', liet er nei ôfrin witte. 'We blijven met z'n allen met een kater zitten.'
Troch de winst komt de ploech fan trainer Jan Vlap op 45 punten út 18 wedstriden.