Dokkumer skûtsje moat omfarre fanwege brêgesteuring

05 mrt 2016 - 14:21

It nije skûtsje fan Dokkum is op dit stuit ûnderweis fan Grinslân nei Fryslân. Eins soe it skip sneon nei Lauwerseach farre, mar troch in brêgesteuring hat de bemanning in oare rûte keazen. Dêrtroch komme se earst yn Dokkum oan, foardat se yn Lauwerseach wêze kinne.

De Jonge Blom sil de kommende dagen yn de buert fan Dokkum lizzen bliuwe. De bemanning hopet dat se sneontejûn yn Dokkum oankomme. Oft dat slagget, hinget derfan ôf wat se ûnderweis noch tsjinkomme.

It skûtsje sil dit jier ûnder de namme 'Stêd Dockum meidwaan yn de C-klasse fan it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen. Skipper wurdt Jelmer Bloembergen, dy't foarich jier noch bemanningslid wie op it 'Wâldwiif'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)