Himpkwekerij mei 130 planten op boppeferdjipping

Himp © Omrop Fryslân
De plysje hat freedtejûn yn in hûs yn de Willem Loréstrjitte yn Ljouwert in himpplantaazje oantroffen. De hiele boppeferdjipping stie fol mei planten en oar guod dat nedich is om himp te kweken. Dêr stiene 130 planten dy't klear wiene om rispe te wurden.
Op lêst fan de offisier fan justysje binne alle planten en it oare guod ferneatige.