Lotterjen ljipaaien yn it lân is lang noch net wis

05 mrt 2016 - 13:18

Boargemaster Sicko Heldoorn fan Dantumadiel wol graach fan alle Fryske boargemasters hearre oft se wol of net it lân yn sille om it earste ljipaai te lotterjen. It jout in apart byld, seit er, as guon boargemasters it lân wol yngean en oaren net.

Ferskate boargemasters hawwe sein dat se it lân net yngean sille. Neffens boargemaster Bearn Bilker fan Kollumerlân soe dat nuver wêze, no't der in ferbod is op aaisykjen. Heldoorn wol it lân leaver ek net yn.

De leden fan it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten hawwe freedtejûn nei in fûle diskusje oanjûn dat se graach wolle dat stilstien wurdt by it earste aai. Mar it is noch mar hielendal de fraach oft se harren sin wol krije. Earder al hat Omrop Fryslân oan de Fryske boargemasters frege wat se dwaan soene by in ferbod op it aaisykjen. Doe joech de mearderheid oan dat se it lân net yn sille. It liket der net op dat dat feroarje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)