Ynternasjonale toppers oan it Frysk damjen

05 mrt 2016 - 13:17

Ynternasjonale skaak- en damtoppers komme dizze moanne nei Frjentsjer foar in toernoai Frysk damjen. It like der even op dat dy sport útstjerre soe, mar no makket it Frysk damjen in ynternasjonale comeback. It hat net maklik west om de toppers nei Fryslân te krijen, seit Marten Walinga fan de organisaasje.

It toernoai begjint op 16 maart. Letter dit jier fynt it earste offisjele wrâldkampioenskip Frysk damjen plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)